FNP bliuwt stabile bestjoerderspartij

De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezingen jouwe foar de FNP in wikseljend byld. Oer it generaal hat de FNP har goed hanthavene. Wy bliuwe in stabile bestjoerderspartij. As haadbestjoer wolle wy de kandidaten en alle oare frijwilligers dy’t sa hurd wurke hawwe oan hiel sichtbere kampanjes nochris tige tanksizze en fan herte lokwinskje!

Read more

FNP wol oplossing foar greidefûgeldrones

De FNP-fraksje makket him soargen oer nije regeljouwing foar greidefûgeldrones yn it CTR-gebiet fan fleanbasis Ljouwert. De BFVW (Bond Friese VogelWachten) set mei súkses drones yn om nêsten en piken fan greidefûgels op te spoaren en te beskermjen. De gearwurking mei fleanbasis Ljouwert is al jierren posityf, en Provinsjale Steaten sprutsen har stipe út mei in moasje op 17 desimber 2025 oer de ynset fan drones yn it greidefûgelwurk.

Read more

Histoarysk: foar it earst beslút Fryslân sels oer ynhâld ûnderwiis Frysk

It is in histoarysk momint foar it Frysk. In mylpeal. Foar it earst beslút Fryslân sels oer ynhâld fan it ûnderwiis Frysk. De kearndoelen Fryske taal en kultuer jouwe oan wat de skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis ús learlingen oanbiede moatte. Dy kearndoelen binne woansdei troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân fêststeld, nei in jierrenlange tarieding troch it Fryske ûnderwiisfjild.

Read more

Reaksje FNP Steatefraksje op Lelyline-advies Knot

De nijste ûntwikkelingen rûnom de Lelyline fernuverje ús net. De reservearring fan 3,4 miljard euro is troch it kabinet Schoof al foar it grutste part leech helle, mei no noch mar 600 miljoen euro yn de pot. It advys fan it Kolleezje fan Ryksbouwmeester en Ryksadviseurs oan de Stjoergroep Lelyline fan 20 jannewaris is ek al kritysk: dat stelt de fraach as it middel – de Lelyline, wol it doel – brede wolfeart yn de noardlike regio, helje sil

Read more