Twa FNP-moasjes oer wenjen oannommen

Fryske Nasjonale Partij 29-05-2026, 08:33 social, development

Op woansdei 27 maaie tsjinne Sita Land-Dotinga út namme fan de FNP twa moasjes yn oer it ûnderwerp wenjen, dy’t beide oannaam binne. De moasjes giene oer in provinsjaal fersnellingsteam en oer foarrang op basis fan sosjale en ekonomyske bining. 

Provinsjaal fersnellingsteam

Mei de earste moasje, yntsjinne tegearre mei D66, pleitet de FNP foar it opsetten fan in provinsjaal fersnellingsteam foar wenningbouprojekten. Op dizze wize wurde gemeenten stipe by wenningbouprojekten, prosessen fersneld en prosedueres ferkoarte.

Wenningbouprojekten rinne faak fertraging op troch komplekse prosedueres en ôfstimming tusken ferskate partijen. In fersnellingsteam kin ekspertizen bondelje, knyppunten betiid oanpakke en de trochrintiid fan projekten ferkoartsje. Yn oare provinsjes wurdt al wurke mei sokke fersnellingsteams. De FNP wol ûndersykje hoe’t besteande inisjativen, lykas it platfoarm ‘Bouwe foar Fryslân’, fierder ûntwikkele wurde kinne ta sa’n provinsjaal fersnellingsteam.

Foarrang op basis fan sosjale en ekonomyske bining

De twadde moasje giet oer in foarrangsregeling foar wenningsikers op basis fan sosjale en ekonomyske bining. Dy waard tegearre mei de BBB yntsjinne. De moasje ropt it kolleezje op om tegearre mei gemeenten en wenningkorporaasjes de mooglikheden foar dizze regeling fierder te ferkennen.

De Húsfêstingswet biedt gemeenten al de mooglikheid om foarrang te jaan op basis fan sosjale en ekonomyske bining, mar yn de praktyk blike de mooglikheden faak ûndúdlik. De FNP wol dat, yn gearwurking mei ûnder oare gemeenten en wenningkoöperaasjes, de mooglikheden fierder ferkend en ferdúdliket wurde, sadat dit meinommen wurde kin yn takomstplannen.

De moasjes passe by wêr’t de FNP al jierren foar pleitet: wenje wêr’t wy wenje wolle. De partij is dan ek bliid dat beide foarstellen oannaam binne.


https://www.fnp.frl/blog/nijs/twa-fnp-moasjes-oer-wenjen-oannommen/

Related News

Minister van Asiel en Migratie Anneleen Van Bossuyt heeft het minimumbedrag van bestaansmiddelen verhoogd voor niet-EU-studenten die in België willen studeren. Met deze maatregel wil de minister studiemigratie versterken als toegangspoort voor internationaal talent, zonder misbruik toe te laten of studenten in precaire situaties te duwen.

read more..

Réunion publique à Lorient !

Nous aurons le plaisir d’accueillir Lydie Massard, candidate à la primaire de la gauche pour l’élection présidentielle.

read more..

ANDALUCISTAS IMPULSA UNA LEY PARA DIGNIFICAR EL HABLA ANDALUZA Y UN PLAN INTEGRAL PARA REVITALIZAR EL MUNDO RURAL
La coalición propone proteger la identidad lingüística andaluza y convertir los municipios rurales en espacios de oportunidad, empleo y arraigo

read more..

On this St Piran’s Day, Mebyon Kernow has written to Lisa Nandy, the Secretary of State for the Department for Culture, Media and Sport, calling for the new BBC Royal Charter to include commitments to a public sector media for Cornwall and broadcasting in the Cornish language.

read more..

L’épilogue retentissant de Viridian Lithium, entreprise créée en 2021 pour porter un projet reconnu comme stratégique au niveau européen, confirme les grandes difficultés de tout ordre, liées à la purification du lithium en Alsace. Ce n’est d’ailleurs pas un hasard si ces projets, très impactants, sont portés par des petites Start-up qui tâtonnent dans un environnement global plus qu’incertain.

read more..

Sales: “És una esmena a la totalitat al Govern del president Illa: a la seva dependència, incompetència i inestabilitat”

read more..

Néstor Rego anuncia aos traballadores e traballadoras que levará a debate e votación no Congreso unha iniciativa para defender a continuidade da actividade industrial

Iria Carreira sinala a necesidade de que se estabelezan as canles de comunicación coa empresa, o comité e a Xunta para garantir a viabilidade e o mantemento dos postos de traballo

read more..

Terwijl de hele politieke wereld de voorbije weken meedraait in het debat tussen de centenindex van de regering en het alternatief van de Groep van Tien, stelt het Vlaams Belang de fundamentele vraag die niemand durft te stellen: waarom moet de automatische indexering überhaupt worden aangepakt?"Beide voorstellen morrelen aan een systeem dat werkt en treffen de gewone burger in de portemonnee", zegt Kamerlid Kurt Moons(Vlaams Belang).

read more..

Everyone at Mebyon Kernow is extremely saddened that MK’s eighth leader, Loveday Carlyon, recently passed away.

read more..
Calendar
«October 2026»
MonTueWedThuFriSatSun
 1234
567891011
12131415161718
19202122232425
262728293031