Kingdom of the Netherlands
Op woansdei 27 maaie tsjinne Sita Land-Dotinga út namme fan de FNP twa moasjes yn oer it ûnderwerp wenjen, dy’t beide oannaam binne. De moasjes giene oer in provinsjaal fersnellingsteam en oer foarrang op basis fan sosjale en ekonomyske bining.
read more..
Ferline wike wie de FNP-fraksje op wurkbesite by Lont út Sint Annaparochie, yn oanrin nei de behanneling fan de startnotysje wenjen yn Provinsjale Steaten. Foar de fraksje in moaie gelegenheid om yn petear te gean oer de kânsen en útdagingen op it mêd fan wenningbou yn Fryslân.
read more..
Ferline wike wie de FNP-fraksje op wurkbesite by Lont út Sint Annaparochie, yn oanrin nei de behanneling fan de startnotysje wenjen yn Provinsjale Steaten. Foar de fraksje in moaie gelegenheid om yn petear te gean oer de kânsen en útdagingen op it mêd fan wenningbou yn Fryslân.
read more..
Op gjin inkeld oar plak yn Nederlân is it provinsjale oandiel oan ynvestearrings yn de kulturele sektor grutter.
read more..
De FNP hat op woansdei 6 maaie yn Provinsjale Steaten mûnlinge fragen steld oer it ôfsluten fan de kwelders by Wierum en Ternaard, en oer ûntwikkelingen by de Boschplaat op Skylge. Steatelid Tjitte Hemstra frege it kolleezje fan Deputearre Steaten om dúdlikens oer de rol fan de provinsje en de hannelwize fan Rykswettersteat.
read more..
De Fryske Steaten hawwe harren op 15 april unanym útsprutsen tsjin de driigjende sintralisaasje fan EU subsydzjes. De Europeeske Kommisje hat foar de kommende sânjierrige begrutting (2028-2034) útsteld om tenei mei ien nasjonaal programma per lân te wurkjen. Dat soe betsjutte dat Fryslân yn de takomst net mear sels bepale kin hoe en wêr’t it jild ynset wurdt.
read more..
‘Dit kin dochs net wier wêze?’ Dat is de earste reaksje fan de FNP Steatefraksje op it nijs dat de ynwenners fan Ternaard en Wierum gjin gebrûk mear meitsje kinne fan it Waad. Fan ‘e wike waard bekend dat sûnder oerlis mei de bewenners grutte stikken fan harren ‘eftertún’ tenei ferbean gebiet binne. De fraksje stelt woansdei 15 april mûnlinge fragen oer de kwestje oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.
read more..
Sita Land-Dotinga: “As De Haach it net begripe wol, dan rêde wy der sels wol mei”
De FNP hat yn de nachtfan 31 maart op 1 april it earste Frysktalige ferkearsboerd by de tagong fan Hollân nei Fryslân pleatst.
read more..
De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezingen jouwe foar de FNP in wikseljend byld. Oer it generaal hat de FNP har goed hanthavene. Wy bliuwe in stabile bestjoerderspartij. As haadbestjoer wolle wy de kandidaten en alle oare frijwilligers dy’t sa hurd wurke hawwe oan hiel sichtbere kampanjes nochris tige tanksizze en fan herte lokwinskje!
read more..
De FNP-fraksje makket him soargen oer nije regeljouwing foar greidefûgeldrones yn it CTR-gebiet fan fleanbasis Ljouwert. De BFVW (Bond Friese VogelWachten) set mei súkses drones yn om nêsten en piken fan greidefûgels op te spoaren en te beskermjen. De gearwurking mei fleanbasis Ljouwert is al jierren posityf, en Provinsjale Steaten sprutsen har stipe út mei in moasje op 17 desimber 2025 oer de ynset fan drones yn it greidefûgelwurk.
read more..
It is in histoarysk momint foar it Frysk. In mylpeal. Foar it earst beslút Fryslân sels oer ynhâld fan it ûnderwiis Frysk. De kearndoelen Fryske taal en kultuer jouwe oan wat de skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis ús learlingen oanbiede moatte. Dy kearndoelen binne woansdei troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân fêststeld, nei in jierrenlange tarieding troch it Fryske ûnderwiisfjild.
read more..
De FNP Steatefraksje komt yn de Steategearkomste fan 18 febrewaris mei in moasje frjemd “Op nei de Olympyske Ringen” oer it stypjen fan de lobby om it reedriden yn Thialf ûnder te bingen yn it ramt fan de Olympyske Spelen 2030. De FNP fynt it wichtich dat de Steaten harren ienriedich en krêftich útsprekke oer dizze unike kâns.
read more..