De FNP stelt mûnlinge fragen oer ôfsluting fan kwelders

Fryske Nasjonale Partij 10-05-2026, 17:49 social, development

De FNP hat op woansdei 6 maaie yn Provinsjale Steaten mûnlinge fragen steld oer it ôfsluten fan de kwelders by Wierum en Ternaard, en oer ûntwikkelingen by de Boschplaat op Skylge. Steatelid Tjitte Hemstra frege it kolleezje fan Deputearre Steaten om dúdlikens oer de rol fan de provinsje en de hannelwize fan Rykswettersteat.

De FNP stelde op 15 april al mûnlinge fragen oer de ôfsluting fan gebieten by Ternaard en Wierum. Doe woe de partij witte oft der kontakt west hie tusken Rykswettersteat, de provinsje en de gemeente Noardeast-Fryslân oer it beslút. Ek frege de FNP it kolleezje om aksje te ûndernimmen rjochting Rykswettersteat. Omdat Wetterskip Fryslân oanjûn hie dat natuerbelied en wetjouwing de ferantwurdlikens binne fan Rykswettersteat en de provinsje, en dat it Wetterskip sels gjin rol hat yn it natuerbehear fan de bûtendykse kwelders, hie Steatelid Hemstra oanfoljende fragen.

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hie yn april unanym in moasje oannommen, wêryn’t oproppen wurdt ta in iepen en earlik proses mei belutsen oerheden en goede kommunikaasje mei omwenners. Hemstra frege oft it kolleezje fan Deputearre Steaten ree is om de gemeente Noardeast-Fryslân dêryn te stypjen. Deputearre Matthijs de Vries, ferantwurdlik foar it natuerbelied, joech oan dat it op in fersyk fan de gemeente posityf antwurdzje sil.

Derneist stelde de FNP fragen oer de ôfsluting fan de Boschplaat op Skylge en mooglik ek fan gebieten op It Amelân. Dizze plannen soargje foar opskuor ûnder omwenners, en Steatsboskbehear Skylge waard oerfallen troch de plannen. De FNP wol ûnder oare witte hoe’t de provinsje oansjocht tsjin de plannen fan Rykswettersteat, oft de provinsje dêrby belutsen is en hokker rol behearders en tafersjochhâlders hawwe by mooglike gebietsferboaden.

Deputearre De Vries, út syn funksje wei foarsitter fan de stjoergroep Boschplaat, antwurde dat de provinsje net yn ‘t foar ynformearre is oer it foarstel fan Rykswettersteat om it gebiet ôf te sluten. Hy stiet dêr ek net achter. “Yn de Boschplaatfyzje stiet dat it gebiet tagonklik is foar eilanners en rekreanten en dêr hâlde we oan fêst.” Boppedat wie de deputearre it mei de FNP iens dat it proses en de kommunikaasje fan Rykswettersteat better kin.

De FNP bliuwt de ûntwikkelingen om de kwelders, de Boschplaat en mooglik oare gebieten yn Fryslân sekuer folgjen.

https://www.fnp.frl/blog/nijs/de-fnp-stelt-munlinge-fragen-oer-ofsluting-fan-kwelders/

Related News

▶ Wczoraj na Zamku Królewskim w Warszawie odbyło się uroczyste wręczenie Nagrody im. prof. Aleksandra Gieysztora, przyznawanej od roku 2000 za szczególne osiągnięcia na polu ochrony dziedzictwa kulturowego. Tegoroczną laureatką została prof. Ewa Chojecka z Bielska, która przez wiele lat prowadziła i koordynowała badania nad artystyczną przeszłością Górnego Śląska.

read more..

The concerns raised by The Wildlife Trusts about the proposed English Devolution and Community Empowerment Bill deserve serious attention, particularly here in Yorkshire.

read more..

Josep Castells reclama al conseller de Transports, José Luís Mateo, que compleixi amb el mandat parlamentari i elabori un contrainforme per defensar l’OSP a Europa

read more..

Olalla Rodil denuncia que a conselleira de Medio Ambiente mentiu ao dicir que a praza de xefe do Litoral en Lugo estabavacante: “É unha cacicada”

read more..

El CIEMEN celebrarà aquest estiu la desena edició de l’Escola del CIEMEN, una proposta formativa consolidada que enguany posarà el focus en la gestió del multilingüisme a Catalunya sota el títol “Llengües d’aquí i d’arreu: per una gestió catalana de la diversitat lingüística”. La formació tindrà lloc del 25 de juny al 3 de juliol de 2026 a la seu del CIEMEN, a Barcelona.

read more..

Dès novembre 2022, lors de notre dernier Congrès, Corsica Libera appelait « à jeter les bases d’un regroupement plus large des forces qui se situent dans une démarche d’essence nationale ». Cet appel fut par la suite réitéré solennellement depuis la tribune des Ghjurnate Internaziuale en août 2023. À cette occasion, nous affirmions que notre organisation politique se tenait prête à prendre sa part dans la constitution d’une démarche nouvelle et ce « non pas dans l’intérêt d’un sigle ou d’un pré carré politique mais en ayant pour boussole l’intérêt de cette terre et de la nation toute entière ».

read more..

Het Vlaams Belang eist dat familierechtbanken een verbod krijgen om samen te werken met vzw Het Huis zolang er geen grondig onderzoek naar de vzw is gevoerd. De vzw kwam de afgelopen jaren al meermaals in opspraak, maar werd nog steeds niet grondig doorgelicht.“Ik heb de problemen bij Het Huis het afgelopen jaar vijf keer aangekaart in het parlement, maar de minister wou er zich gewoon niks van aantrekken”, zegt Kamerlid Alexander Van Hoecke(Vlaams Belang).“Het is compleet onverantwoord om kwetsbare kinderen naar een vzw te blijven sturen die nog nooit grondig is doorgelicht en waar het ene probleem na het andere naar boven komt.”

read more..

Ancienne députée européenne, aujourd’hui cuisinière dans un lycée en Bretagne, j’annonce ma candidature à la primaire de la gauche en vue de l’élection présidentielle.

read more..

Brussel is deze week het decor voor de allereerste editie van de Brussels European Defence Exhibition & Conference (BEDEX). Minister van Defensie Theo Francken opende gisteren de internationale defensiebeurs in Brussels Expo, samen met NAVO-secretaris-generaal Mark Rutte, premier Bart De Wever en verschillende federale en regionale regeringsleden.

read more..
Calendar
«October 2026»
MonTueWedThuFriSatSun
 1234
567891011
12131415161718
19202122232425
262728293031