FNP wol oplossing foar greidefûgeldrones
De FNP-fraksje makket him soargen oer nije regeljouwing foar greidefûgeldrones yn it CTR-gebiet fan fleanbasis Ljouwert. De BFVW (Bond Friese VogelWachten) set mei súkses drones yn om nêsten en piken fan greidefûgels op te spoaren en te beskermjen. De gearwurking mei fleanbasis Ljouwert is al jierren posityf, en Provinsjale Steaten sprutsen har stipe út mei in moasje op 17 desimber 2025 oer de ynset fan drones yn it greidefûgelwurk.
Troch nije easken fan de ILT (Inspectie Leefomgeving en Transport) ûntstiet der lykwols foar it briedseizoen 2026 in akút probleem: de hjoeddeistige brevetten fan de BFVW-dronepiloaten foldogge net mear oan de nije, swierdere opliedingseasken. Dêrtroch binne se net fersekere en rinne se risiko op boetes as se fleane. Dat skept in direkte bedriging foar de effisjinte beskerming fan greidefûgels, krekt yn in krúsjale perioade.
De FNP hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje mei it fersyk om op koarte termyn oplossings te ferkennen, bygelyks in oerbrêgingsregeling. Sa kin de weardefolle ynset fan de greidefûgeldrones ek yn it kommende briedseizoen trochgean.
https://www.fnp.frl/blog/nijs/fnp-wol-oplossing-foar-greidefugeldrones/