Histoarysk: foar it earst beslút Fryslân sels oer ynhâld ûnderwiis Frysk

Fryske Nasjonale Partij 23-02-2026, 15:46

It is in histoarysk momint foar it Frysk. In mylpeal. Foar it earst beslút Fryslân sels oer ynhâld fan it ûnderwiis Frysk. De kearndoelen Fryske taal en kultuer jouwe oan wat de skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis ús learlingen oanbiede moatte. Dy kearndoelen binne woansdei troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân fêststeld, nei in jierrenlange tarieding troch it Fryske ûnderwiisfjild.

Understaande bydrage waard op 18 febrewaris 2026 troch Steatelid Gerben van der Mei útsprutsen.

It foech om kearndoelen fêst te stellen

It foech om dy kearndoelen fêst te stellen hawwe de Provinsjale Steaten yn july 2014 krigen troch oanpassingen fan de Wet Primêr Underwiis en de Wet Fuortset Underwiis, en dat is net samar wat.

Foar alle oare fakken yn it primêr en fuortset ûnderwiis wurde de nije doelen troch it Nederlânske regear bepaald. It regear moat dy foarlizze oan de beide keamers fan it parlemint, dy’t dan noch beslute kinne dat se it as in wet behannelje wolle. Foar Fryske taal en kultuer jildt dat net.

Neffens it regear yn 2013, dy’t him basearre op it advys fan de Stjoergroep Hoekstra: “[heeft] de provincie Fryslân […] een regionaal netwerk binnen het onderwijsveld en bezit meer lokale kennis, waardoor zij meer mogelijkheden heeft dan het Rijk om een positieve bijdrage te leveren aan de Friese taal. De provincie heeft al regelmatig overleg met de onderwijskoepels […].

De Provincie subsidieert bovendien ook het taalcentrum Frysk van de onderwijsbegeleidingsdienst Cedin, het Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de Afûk, die leermiddelen Fries uitgeeft. Wanneer de provincie Fryslân een formele positie krijgt in het proces om te komen tot kerndoelen dan is zij de meest aangewezen overheid om draagvlak te creëren voor het vak Fries bij de scholen.”

By de behanneling fan it wetsútstel yn 2013-2014 stelden benammen de fraksjes fan de konfesjonele partijen yn beide keamers ek fragen oft de oerdracht fan it foech wol yn oerienstimming wie mei it ûnderwiisartikel fan de Grûnwet.

Dat artikel is it resultaat fan de Pasifikaasje fan 1917, it kompromis wêrmei’t in ein kaam oan de jierrenlange skoalstriid tusken liberalen en konfesjonelen. Nei de wiziging fan de grûnwet krige it bysûnder ûnderwiis like folle rjocht op finansjele stipe as it iepenbier ûnderwiis.

En dêrnjonken waard it algemien kiesrjocht ynfierd foar manlju, en twa jier letter ek foar froulju. Bemuoienis mei de ynhâld fan it ûnderwiis is in gefoelich punt yn de Nederlânske kontekst, en dêrom binne der swiere prosedurele waarboargen.

Sa frege bygelyks de SGP yn de Twadde Keamer: “of de regering onderkent dat verticale decentralisatie zich niet tot onderwijsinhoudelijke normen kan uitstrekken, maar alleen tot aangelegenheden van technische aard, die niet de kernaspecten van het onderwijsproces raken, zoals onderwijshuisvesting.”

It regear sei dêroer: “Volgens de regering blijft deze delegatie binnen de kaders van artikel 23 Grondwet. De grondwettelijke hoofdregel is: delegatie van onderwijsinhoudelijke regels dient binnen het Rijk plaats te vinden.

In afwijking van deze hoofdregel is verticale delegatie toelaatbaar, maar alleen als daarmee grote terughoudendheid wordt betracht. Er kan naar de huidige opvatting alleen sprake zijn van verticale delegatie in zeer bijzondere situaties […]. Voor wat betreft deze bijzondere situatie is de regering van mening dat het vaststellen van de kerndoelen Friese taal, een aangelegenheid is die bij uitstek de provincie Fryslân betreft, en uniek is in zijn soort in de Nederlandse context.”

In lang trajekt fan ús mienskip

It is hjoed de earste kear dat dit foech brûkt wurdt, want op it stuit wurkje de skoallen noch mei de kearndoelen dy’t yn 2006 fêststeld binne. It fêststellen fan de kearndoelen dy’t hjoed behannele wurde binne it resultaat fan in lang proses. In ûntwikkeltiim wie hjir sûnt 2018 al mei oan it wurk.

It moast lykop rinne mei it ûntwikkeljen fan de kearndoelen fan oare fakken, dy’t yn ús skoallen fansels tagelyk op it lesroaster steane. Dy oare fakken binne fia in lanlik proses ferrûn, dat ûnderweis ferskillende kearen fertraging oprûn. Mei dêrtroch duorre it by ús folle langer as dat wy earder tocht hienen, en hat der sels ein 2020 in tuskentiidske Europeeske oanbesteging nedich west.

Mar no leit it der, en kin de demokratyske Fryske folksfertsjintwurdiging der hjoed mei ynstimme. De ynhâld is oer in perioade fan jierren troch de saakkundigen yn it Fryske ûnderwiisfjild foar ús útwurke en in tal skoallen is de ôfrûne twa jier al úteinset mei it testen fan de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer yn de praktyk, en it wurkfjild is der posityf oer.

Ek de lesmaterialen, de begelieding en neiskoalling wurde der op oanpast, sadat skoallen optimaal stipe wurde. Wy hawwe der dan ek betrouwen yn dat alle skoallen nei de simmer mei de nije doelen oan de slach kinne.

Taalplan Frysk 2030

Wêr’t de FNP it noch wol oer hawwe wol, is wat der mei de kearndoelen dien wurde sil yn ús skoallen yn Fryslân. Neffens it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (2024-2028) en it Taalplan Frysk 2030 is it doel dat alle skoallen yn it Fryske taalgebiet Frysk oanbiede, sadat alle bern en jongerein yn Fryslân de kâns krije om folweardich Frysk twatalich en taalfeardich te wurden. Sa kinne se optimaal meidwaan yn de Fryske mienskip.

Alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis moatte dus nei in profyl A yn 2030, wat betsjut dat se folslein oan de nije kearndoelen foldwaan sille. Skoallen yn it Fryske taalgebiet sille gjin ûntheffing mear krije fan Deputearre Steaten. Om dat te berikken wurdt in soad wurk ferset.

Ien foarbyld: begjin dit jier is mei de kampanje foar nije leararen “Jou Frysk omdatst joust om it Frysk!” úteinset. Want der binne ek mear leararen nedich foar dy ambysjes. En neffens de Bestjoersôfspraak wurdt no’t de kearndoelen foar primêr en fuortset ûnderwiis klear binne, fierder wurke oan doelen foar it spesjaal ûnderwiis.

It Frysk yn beropsûnderwiis

Yn it middelber beropsûnderwiis jilde de kearndoelen net, mar wurdt wurke mei kwalifikaasjes. It ferplichte part omfettet net it Frysk. Dat is eins nuver, want krekt de studinten oan it MBU komme yn sektoaren yn Fryslân oan it wurk, dêr’t kennis fan it Frysk hiel wichtich is.

It hat lang in bline flek west, mar gelokkich is der de lêste jierren in soad omtinken foar. Der komme ek mear kardielen Frysk yn it MBU en it oanbod MBU-opliedingen dat se oanbiedt, wurdt útwreide. De nije praktor by Firda en Aeres is dêr folop mei dwaande. Sy sil yn maart har ynauguraasje-praatsje hâlde.

Mar dat is allegearre basearre op losse ôfspraken tusken provinsje, Ryk en de skoalen. Yn de Twadde Keamer frege Keamerlid Harry Bevers twa wiken lyn noch oer de wetlike regeling foar it Frysk op MBU-skoallen. De minister fan ûnderwiis hat yn de maitiid fan 2024 al ris oanjûn dêr posityf tsjinoer te stean, nei in advys fan DINGTIID.

Dat mei ek wol: fan de 23 lannen dy’t it Europeesk Hânfêst tekene hawwe en spesifike talen erkend hawwe binnen de lânsgrinzen, binne allinne Nederlân en Cyprus gjin ferplichtingen oangien foar it MBU. Alle oare lannen hawwe dat wol dien, en by taalmienskippen yn in fergelykbere posysje as it Frysk is meastal keazen foar it “oanbieden fan in substansjeel oandiel fan it beropsûnderwiis yn de minderheidstaal” of it “learen fan de taal as in yntegraal part fan it kurrikulum.”

Bevers wol, terjochte, dat it regear fêstleit dat Nederlân in substansjeel oandiel fan it beropsûnderwiis yn it Frysk oanbiede moat.

Foarskoalske perioade

De foarskoalske perioade is essinsjeel foar de taaloerdracht. Bern sitte dan midden yn de taalûntwikkeling en kinne maklik Frysk as in twadde taal leare. It doel fan de provinsje is dat 80% fan de berne- en pjutte-opfang yn 2028 twatalich is en dat foar alle bern op fytsôfstân in twatalige lokaasje beskikber is.

Mar it Ryk wol berne-opfang hast fergees meitsje. Binne der dan noch wol genôch lieders beskikber foar de Fryske berne- en pjutte-opfang? It mei net te koste gean fan de kwaliteit. Hjir sille wy as provinsje wach op wêze moatte.

Ofslutend

Hjoed meie wy bliid wêze mei it berikken fan dizze mylpeal, mar wy binne der noch net. Wy moatte de beweging dy’t ynset is fêsthâlde. Yn 2051 is it hûndert jier lyn dat Kneppelfreed foar in ympuls soarge yn it belied op it mêd fan it Frysk.

Dizze hjerst fiere wy 75 jier. Mar Fryslân is noch net de regio dêr’t Frysk en Nederlânsk lykweardich binne. Der is noch wurk oan de winkel!

https://www.fnp.frl/blog/nijs/histoarysk-beslut-foar-it-earst-beslut-fryslan-sels-oer-ynhald-underwiis-frysk/

Related News

L’UDB Kreiz Breizh appelle à participer samedi 23 mai, à 14h, à la réunion publique organisée par l’association Wat (War an toennoù) à Megoed et demande la création d’un plan énergétique de territoire sur le pays COB.

read more..

L’Union Valdôtaine a salué une journée « historique » pour le sport valdôtain, marquée par les résultats de ses athlètes aux Jeux Olympiques d’hiver de Milan-Cortina. Le mouvement a exprimé sa fierté face à des performances qui ont placé la Vallée d’Aoste sous les projecteurs de la scène internationale.Parmi les exploits les plus marquants figure celui de Federica Brignone, auteure d’un doublé en or en Super-G et en slalom géant.

read more..

La diputada Maria Àngels Planas assegura que l’equipament “necessita inversions extraordinàries davant el deteriorament de les seves instal·lacions”

read more..

Azcón no convocó elecciones anticipadas en diciembre porque no hubiese presupuestos, pues tenía la oferta tanto de Vox como de PSOE para negociar: lo hizo porque Feijoo ha diseñado un calendario electoral para desgastar al PSOE, en las que incluye tanto las Extremeñas como las Aragonesas o las de CyL. De otro lado Abascal exige una negociación única, en bloque, de las tres investiduras, por tanto, o bien Feijoo se pliega a las demandas de Abascal o bien habrá repetición electoral en julio: Aragón, votando a partidos centralistas, pone nuestro futuro en manos de la Villa y Corte.

read more..

Trenta anys després de la proclamació de la Declaració Universal dels Drets Lingüístics (DUDL) a Barcelona (1996), el CIEMEN i el PEN Català presenten conjuntament un ambiciós projecte internacional per actualitzar aquest text de referència i adequar-lo als profunds canvis socials, tecnològics i polítics del segle XXI. La presentació pública del projecte d’actualització es farà a l’Institut d’Estudis Catalans (IEC) dimecres 15 d’abril a les 19 h.

read more..

“De invoering van het nieuwe Strafwetboek dreigt voor absolute chaos te zorgen”. Dat zeggen Vlaams Belang-Kamerleden Marijke Dillen en Alexander Van Hoecke, leden van de Kamercommissie Justitie. Zij pleiten voor een uitstel van de invoering ervan, en dienen ter zake ook een wetsvoorstel in.

read more..

Naar aanleiding van de oliecrisis bepleitte het Internationaal Energieagentschap(IEA) noodmaatregelen op het vlak van mobiliteit, zoals lagere snelheidslimieten en stadsverboden. Vlaams minister van Mobiliteit Annick De Ridder(N-VA) antwoordde in het Vlaams Parlement op vragen van onder meer Vlaams Parlementslid Frédéric Erens(Vlaams Belang) dat ze de voorkeur geeft aan structurele, langetermijnmaatregelen boven tijdelijke ingrepen en gaf geen garanties over de tijdelijkheid van eventuele beperkingen."Wie spreekt over structurele maatregelen, hint eigenlijk naar permanente belastingverhogingen of een langdurige inperking van onze bewegingsvrijheid", reageerde Erens afwijzend.

read more..

People can have “a government that stands up for Wales in a way that’s never been seen before” - that is the message delivered by Plaid Cymru Leader Rhun ap Iorwerth MS as he prepares to launch his party’s Senedd Elections campaign in Caerffili.

read more..

Les premiers Statuts répondaient avant tout à une exigence fondamentale : assurer la reconnaissance juridique du Mouvement et garantir la survie culturelle d’un peuple.
Pour un mouvement autonomiste, les Statuts ne sont jamais un simple ensemble de règles. Ils constituent souvent un texte presque « sacré », qui rappelle les racines, fixe les principes fondateurs et inscrit dans le marbre les raisons mêmes pour lesquelles le Mouvement a été créé. Actualiser les Statuts signifie donc accomplir un acte de responsabilité : discerner ce qui, dans cet héritage, demeure immuable, et ce qui doit être adapté aux exigences du XXIᵉ siècle.

read more..
Calendar
«September 2026»
MonTueWedThuFriSatSun
 123456
78910111213
14151617181920
21222324252627
282930