Fryske Nasjonale Partij - Sapienti sat

FNP jout goede foarbyld: pleatst earste Frysktalige ferkearsboerd
Sita Land-Dotinga: “As De Haach it net begripe wol, dan rêde wy der sels wol mei”

De FNP hat yn de nacht fan 31 maart op 1 april it earste Frysktalige ferkearsboerd by de tagong fan Hollân nei Fryslân pleatst.

Ferline wike ferskynden berjochten yn de media dat men op de ministearjes yn De Haach de grutst mooglike muoite hat mei de Fryske taal. De minister hie earder mei de provinsje ôfsprutsen om tenei twatalige buorden op provinsjale, gemeentlike én rykswegen ta te passen om dêrmei it Frysk sichtber te meitsjen.

De amtners sprutsen yn ynterne emails, bekendmakke nei it Woo-fersyk de legindaryske wurden “It kin net”, ferwizend nei de reklames fan in ferneamd Beerenburgmerk út Boalsert. Neffens de FNP kin it wol; dêrom pleatste de FNP de ôfrûne nacht it earste Frysktalige ferkearsboerd op de rykswei, op de grins fan Hollân en Fryslân.

In ludike aksje, mei in serieus lûd. Sita Land-Dotinga: “As De Haach it net begripe wol, dan kinne se ús altyd skilje. Wy hawwe it goede foarbyld al jûn. It is wier net sa dreech. Om mei de wurden út de reklame ôf te sluten, de sûgen.”

https://www.fnp.frl/blog/nijs/fnp-jout-goede-foarbyld-pleatst-earste-frysktalige-ferkearsboerd/

FNP bliuwt stabile bestjoerderspartij
De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezingen jouwe foar de FNP in wikseljend byld. Oer it generaal hat de FNP har goed hanthavene. Wy bliuwe in stabile bestjoerderspartij. As haadbestjoer wolle wy de kandidaten en alle oare frijwilligers dy’t sa hurd wurke hawwe oan hiel sichtbere kampanjes nochris tige tanksizze en fan herte lokwinskje!

Fjouwer jier lyn fierden wy de grutste oerwinning ea, dat ferbetterst net samar. Boppedat diene der dizze kear mear lanlike partijen mei, sadat de koeke lytser wurden is. Tagelyk kostet kolleezjeferantwurdlikens somtiden ek stimmen. Sa’t it no liket geane wy fan 49 nei 41 riedsleden.

Winst yn eastlik Fryslân
De winst sit oan de eastkant fan de provinsje: Achtkarspelen krige der in sit by en waard de grutste partij yn de rie, Opsterlân ferbruts mei fjouwer sitten it eigen rekôr en Smellingerlân helle foar it earst twa sitten. In geweldige prestaasje! It behâld fan sân sitten yn de Fryske Marren – en wer de grutste partij – is net minder knap.

Ljouwert hat it ek goed dien. Dêr diene fyftjin partijen mei en fjouwer jier lyn tsien. Dochs wer fjouwer sitten foar de FNP! Bliid kinne wy wêze mei de sit foar de 19-jierrige listlûker Tieme Heeringa yn Dantumadiel. Troch opsizzingen, sykten en ferhuzingen wiene der hast gjin kandidaten mear. Under oanfiering fan Durk Holwerda sit der no in nije, frisse ploech yn Damwâld.

Ferjonging en nije gesichten
Ek op It Hearrenfean hat ferjonging plakfûn. Yn it geweld fan lokale partijen en Forum voor Democratie binne de trije FNP-sitten behâlden. Yn Tytsjerksteradiel komme ek nije gesichten yn de rie. Ien sit minder, mar dochs in felisitaasje wurdich foar in ôfdieling dy’t in ûnrêstich jier achter de rêch hat. Noardeast-Fryslân hie acht sitten yn de rie, mei te tankjen oan Aant Jelle Soepboer en twa restsitten. Dat dêr yn it geweld fan de lokale partijen fiif fan oerbliuwe is net frjemd.

Posityf foarút sjen!
De weromgong fan seis nei fjouwer sitten yn Súdwest-Fryslân fielt as in domper, seit wethâlder Henk de Boer. Lykwols bliuwt de FNP de tredde partij yn de rie. “Wy kinne goed mei ús koalysjepartijen en dêrop kinne we wol fierder bouwe.’’

As lêste Waadhoeke. Fan seis nei twa, dat wie bot skrikken. Wy moatte dit earst goed evalueerje, seit listlûker Bert Vollema. “De kater is grut. Wy ha ús in slach yn ’e rûnte wurke. Wy hâlde inoar fêst, rjochtsje de rêch en sjogge posityf foarút.’’

De ferkiezingswinst wurdt fierd yn Achtkarspelen

https://www.fnp.frl/blog/nijs/fnp-bliuwt-stabile-bestjoerderspartij/

FNP wol oplossing foar greidefûgeldrones
De FNP-fraksje makket him soargen oer nije regeljouwing foar greidefûgeldrones yn it CTR-gebiet fan fleanbasis Ljouwert. De BFVW (Bond Friese VogelWachten) set mei súkses drones yn om nêsten en piken fan greidefûgels op te spoaren en te beskermjen. De gearwurking mei fleanbasis Ljouwert is al jierren posityf, en Provinsjale Steaten sprutsen har stipe út mei in moasje op 17 desimber 2025 oer de ynset fan drones yn it greidefûgelwurk.

Troch nije easken fan de ILT (Inspectie Leefomgeving en Transport) ûntstiet der lykwols foar it briedseizoen 2026 in akút probleem: de hjoeddeistige brevetten fan de BFVW-dronepiloaten foldogge net mear oan de nije, swierdere opliedingseasken. Dêrtroch binne se net fersekere en rinne se risiko op boetes as se fleane. Dat skept in direkte bedriging foar de effisjinte beskerming fan greidefûgels, krekt yn in krúsjale perioade.

De FNP hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje mei it fersyk om op koarte termyn oplossings te ferkennen, bygelyks in oerbrêgingsregeling. Sa kin de weardefolle ynset fan de greidefûgeldrones ek yn it kommende briedseizoen trochgean.

https://www.fnp.frl/blog/nijs/fnp-wol-oplossing-foar-greidefugeldrones/

Histoarysk: foar it earst beslút Fryslân sels oer ynhâld ûnderwiis Frysk
It is in histoarysk momint foar it Frysk. In mylpeal. Foar it earst beslút Fryslân sels oer ynhâld fan it ûnderwiis Frysk. De kearndoelen Fryske taal en kultuer jouwe oan wat de skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis ús learlingen oanbiede moatte. Dy kearndoelen binne woansdei troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân fêststeld, nei in jierrenlange tarieding troch it Fryske ûnderwiisfjild.

Understaande bydrage waard op 18 febrewaris 2026 troch Steatelid Gerben van der Mei útsprutsen.

It foech om kearndoelen fêst te stellen

It foech om dy kearndoelen fêst te stellen hawwe de Provinsjale Steaten yn july 2014 krigen troch oanpassingen fan de Wet Primêr Underwiis en de Wet Fuortset Underwiis, en dat is net samar wat.

Foar alle oare fakken yn it primêr en fuortset ûnderwiis wurde de nije doelen troch it Nederlânske regear bepaald. It regear moat dy foarlizze oan de beide keamers fan it parlemint, dy’t dan noch beslute kinne dat se it as in wet behannelje wolle. Foar Fryske taal en kultuer jildt dat net.

Neffens it regear yn 2013, dy’t him basearre op it advys fan de Stjoergroep Hoekstra: “[heeft] de provincie Fryslân […] een regionaal netwerk binnen het onderwijsveld en bezit meer lokale kennis, waardoor zij meer mogelijkheden heeft dan het Rijk om een positieve bijdrage te leveren aan de Friese taal. De provincie heeft al regelmatig overleg met de onderwijskoepels […].

De Provincie subsidieert bovendien ook het taalcentrum Frysk van de onderwijsbegeleidingsdienst Cedin, het Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de Afûk, die leermiddelen Fries uitgeeft. Wanneer de provincie Fryslân een formele positie krijgt in het proces om te komen tot kerndoelen dan is zij de meest aangewezen overheid om draagvlak te creëren voor het vak Fries bij de scholen.”

By de behanneling fan it wetsútstel yn 2013-2014 stelden benammen de fraksjes fan de konfesjonele partijen yn beide keamers ek fragen oft de oerdracht fan it foech wol yn oerienstimming wie mei it ûnderwiisartikel fan de Grûnwet.

Dat artikel is it resultaat fan de Pasifikaasje fan 1917, it kompromis wêrmei’t in ein kaam oan de jierrenlange skoalstriid tusken liberalen en konfesjonelen. Nei de wiziging fan de grûnwet krige it bysûnder ûnderwiis like folle rjocht op finansjele stipe as it iepenbier ûnderwiis.

En dêrnjonken waard it algemien kiesrjocht ynfierd foar manlju, en twa jier letter ek foar froulju. Bemuoienis mei de ynhâld fan it ûnderwiis is in gefoelich punt yn de Nederlânske kontekst, en dêrom binne der swiere prosedurele waarboargen.

Sa frege bygelyks de SGP yn de Twadde Keamer: “of de regering onderkent dat verticale decentralisatie zich niet tot onderwijsinhoudelijke normen kan uitstrekken, maar alleen tot aangelegenheden van technische aard, die niet de kernaspecten van het onderwijsproces raken, zoals onderwijshuisvesting.”

It regear sei dêroer: “Volgens de regering blijft deze delegatie binnen de kaders van artikel 23 Grondwet. De grondwettelijke hoofdregel is: delegatie van onderwijsinhoudelijke regels dient binnen het Rijk plaats te vinden.

In afwijking van deze hoofdregel is verticale delegatie toelaatbaar, maar alleen als daarmee grote terughoudendheid wordt betracht. Er kan naar de huidige opvatting alleen sprake zijn van verticale delegatie in zeer bijzondere situaties […]. Voor wat betreft deze bijzondere situatie is de regering van mening dat het vaststellen van de kerndoelen Friese taal, een aangelegenheid is die bij uitstek de provincie Fryslân betreft, en uniek is in zijn soort in de Nederlandse context.”

In lang trajekt fan ús mienskip

It is hjoed de earste kear dat dit foech brûkt wurdt, want op it stuit wurkje de skoallen noch mei de kearndoelen dy’t yn 2006 fêststeld binne. It fêststellen fan de kearndoelen dy’t hjoed behannele wurde binne it resultaat fan in lang proses. In ûntwikkeltiim wie hjir sûnt 2018 al mei oan it wurk.

It moast lykop rinne mei it ûntwikkeljen fan de kearndoelen fan oare fakken, dy’t yn ús skoallen fansels tagelyk op it lesroaster steane. Dy oare fakken binne fia in lanlik proses ferrûn, dat ûnderweis ferskillende kearen fertraging oprûn. Mei dêrtroch duorre it by ús folle langer as dat wy earder tocht hienen, en hat der sels ein 2020 in tuskentiidske Europeeske oanbesteging nedich west.

Mar no leit it der, en kin de demokratyske Fryske folksfertsjintwurdiging der hjoed mei ynstimme. De ynhâld is oer in perioade fan jierren troch de saakkundigen yn it Fryske ûnderwiisfjild foar ús útwurke en in tal skoallen is de ôfrûne twa jier al úteinset mei it testen fan de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer yn de praktyk, en it wurkfjild is der posityf oer.

Ek de lesmaterialen, de begelieding en neiskoalling wurde der op oanpast, sadat skoallen optimaal stipe wurde. Wy hawwe der dan ek betrouwen yn dat alle skoallen nei de simmer mei de nije doelen oan de slach kinne.

Taalplan Frysk 2030

Wêr’t de FNP it noch wol oer hawwe wol, is wat der mei de kearndoelen dien wurde sil yn ús skoallen yn Fryslân. Neffens it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (2024-2028) en it Taalplan Frysk 2030 is it doel dat alle skoallen yn it Fryske taalgebiet Frysk oanbiede, sadat alle bern en jongerein yn Fryslân de kâns krije om folweardich Frysk twatalich en taalfeardich te wurden. Sa kinne se optimaal meidwaan yn de Fryske mienskip.

Alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis moatte dus nei in profyl A yn 2030, wat betsjut dat se folslein oan de nije kearndoelen foldwaan sille. Skoallen yn it Fryske taalgebiet sille gjin ûntheffing mear krije fan Deputearre Steaten. Om dat te berikken wurdt in soad wurk ferset.

Ien foarbyld: begjin dit jier is mei de kampanje foar nije leararen “Jou Frysk omdatst joust om it Frysk!” úteinset. Want der binne ek mear leararen nedich foar dy ambysjes. En neffens de Bestjoersôfspraak wurdt no’t de kearndoelen foar primêr en fuortset ûnderwiis klear binne, fierder wurke oan doelen foar it spesjaal ûnderwiis.

It Frysk yn beropsûnderwiis

Yn it middelber beropsûnderwiis jilde de kearndoelen net, mar wurdt wurke mei kwalifikaasjes. It ferplichte part omfettet net it Frysk. Dat is eins nuver, want krekt de studinten oan it MBU komme yn sektoaren yn Fryslân oan it wurk, dêr’t kennis fan it Frysk hiel wichtich is.

It hat lang in bline flek west, mar gelokkich is der de lêste jierren in soad omtinken foar. Der komme ek mear kardielen Frysk yn it MBU en it oanbod MBU-opliedingen dat se oanbiedt, wurdt útwreide. De nije praktor by Firda en Aeres is dêr folop mei dwaande. Sy sil yn maart har ynauguraasje-praatsje hâlde.

Mar dat is allegearre basearre op losse ôfspraken tusken provinsje, Ryk en de skoalen. Yn de Twadde Keamer frege Keamerlid Harry Bevers twa wiken lyn noch oer de wetlike regeling foar it Frysk op MBU-skoallen. De minister fan ûnderwiis hat yn de maitiid fan 2024 al ris oanjûn dêr posityf tsjinoer te stean, nei in advys fan DINGTIID.

Dat mei ek wol: fan de 23 lannen dy’t it Europeesk Hânfêst tekene hawwe en spesifike talen erkend hawwe binnen de lânsgrinzen, binne allinne Nederlân en Cyprus gjin ferplichtingen oangien foar it MBU. Alle oare lannen hawwe dat wol dien, en by taalmienskippen yn in fergelykbere posysje as it Frysk is meastal keazen foar it “oanbieden fan in substansjeel oandiel fan it beropsûnderwiis yn de minderheidstaal” of it “learen fan de taal as in yntegraal part fan it kurrikulum.”

Bevers wol, terjochte, dat it regear fêstleit dat Nederlân in substansjeel oandiel fan it beropsûnderwiis yn it Frysk oanbiede moat.

Foarskoalske perioade

De foarskoalske perioade is essinsjeel foar de taaloerdracht. Bern sitte dan midden yn de taalûntwikkeling en kinne maklik Frysk as in twadde taal leare. It doel fan de provinsje is dat 80% fan de berne- en pjutte-opfang yn 2028 twatalich is en dat foar alle bern op fytsôfstân in twatalige lokaasje beskikber is.

Mar it Ryk wol berne-opfang hast fergees meitsje. Binne der dan noch wol genôch lieders beskikber foar de Fryske berne- en pjutte-opfang? It mei net te koste gean fan de kwaliteit. Hjir sille wy as provinsje wach op wêze moatte.

Ofslutend

Hjoed meie wy bliid wêze mei it berikken fan dizze mylpeal, mar wy binne der noch net. Wy moatte de beweging dy’t ynset is fêsthâlde. Yn 2051 is it hûndert jier lyn dat Kneppelfreed foar in ympuls soarge yn it belied op it mêd fan it Frysk.

Dizze hjerst fiere wy 75 jier. Mar Fryslân is noch net de regio dêr’t Frysk en Nederlânsk lykweardich binne. Der is noch wurk oan de winkel!

https://www.fnp.frl/blog/nijs/histoarysk-beslut-foar-it-earst-beslut-fryslan-sels-oer-ynhald-underwiis-frysk/

Moasje “Op nei de Olympyske Ringen”
De FNP Steatefraksje komt yn de Steategearkomste fan 18 febrewaris mei in moasje frjemd “Op nei de Olympyske Ringen” oer it stypjen fan de lobby om it reedriden yn Thialf ûnder te bingen yn it ramt fan de Olympyske Spelen 2030. De FNP fynt it wichtich dat de Steaten harren ienriedich en krêftich útsprekke oer dizze unike kâns.

Thialf wurdt troch it Frânske organisaasjekomitee beskôge as in mooglike lokaasje foar it Olympysk reedriden. De Provinsje Fryslân hat yn gearwurking mei de gemeente Hearrenfean, it Ministearje fan VWS, Thialf, NOC*NSF, de KNSB en ferskate oare partijen in útwurke foarstel ynstjinne by it organisaasjekomitee. It Olympysk reedriden biedt net allinich in bysûndere sportmooglikheid, mar ek in sterke ynternasjonale profilearring foar Fryslân en dúdlike ekonomyske foardielen foar de regio.

It proses is de ôfrûne perioade yn in streamfersnelling kommen en dêrom fynt de FNP it wichtich om no brede stipe út te sprekken. Dêrneist giet it om in bysûnder histoaryske kâns, om’t der sûnt 1928 gjin Olympyske aktiviteit mear yn Nederlân plakfûn hat, wylst Thialf yn 2030 ek nochris syn 175-jierrich bestean fiert.

Yntusken is der ek al stipe fan de Steatefraksjes fan CDA, BBB en ChristenUnie.

https://www.fnp.frl/blog/nijs/moasje-op-nei-de-olympyske-ringen/

Reaksje FNP Steatefraksje op Lelyline-advies Knot
De nijste ûntwikkelingen rûnom de Lelyline fernuverje ús net. De reservearring fan 3,4 miljard euro is troch it kabinet Schoof al foar it grutste part leech helle, mei no noch mar 600 miljoen euro yn de pot. It advys fan it Kolleezje fan Ryksbouwmeester en Ryksadviseurs oan de Stjoergroep Lelyline fan 20 jannewaris is ek al kritysk: dat stelt de fraach as it middel – de Lelyline, wol it doel – brede wolfeart yn de noardlike regio, helje sil.

Dan ha wy freed it nije koälysje-akkoart ek besjoen. Foar it earst sûnt 2021 stiet de Lelyline der net mear yn. It liket derop dat de prioriteiten oars lein wurde. Benammen it by de tiid bringen fan besteande ynfrastruktuer. De FNP is dêr ek foarstanner fan en hat dat nei it plunderjen fan de reservearre pot yn april 2025 ek nei bûten brocht. Sawol yn in ynstjoerd stik as ek yn Provinsjale Steaten. De prioriteiten moatte oars lein wurde. Sawol yn de polityk as yn de lobby. Der is hjir yn Fryslân ek genôch ynfrastruktuer dy’t net mear by de tiid is.

De FNP beskôget de oplossing fan Lelyline-gesant Klaas Knot net as realistysk: der sil net alle jierren 400 miljoen reservearre wurde, wylst der genôch oare prioriteiten binne. Knot stelt yn syn advys dat ek de regio substansjeel meibetelje moat. Dat jild is der net. Fierder is it goed dat de loftballon, dat definsje of de EU in grut part wol betelje sille, ek trochpript is.

Ek dat is foar de FNP net nij: wy binne wy fan it begjin ôf al kritysk west op it winsktinken. Yn it bestjoersakkoart stiet dat wy de ûntwikkelingen folgje sille yn it belang fan Fryslân. Neffens ús soe it no goed wêze in konklúzje te lûken, nei al it foarwurk dat dien is. Wy riede dêr ek skriftlike fragen foar ta. Oant dy tiid is dit de reaksje fan de FNP Steatefraksje.

https://www.fnp.frl/blog/nijs/reaksje-fnp-steatefraksje-op-lelyline-advies-knot/

FNP Steatefraksje kiest foar duo-fraksjefoarsitterskip Home FNP Steatefraksje kiest foar duo-fraksjefoarsitterskip
De fraksje fan de FNP yn de Provinsjale Steaten hat Sita Land-Dotinga en Dinie Visser ta nije ko-foarsitters keazen. Tegearre folgje se Gerben van der Mei op, dy’t sûnt de kolleezjefoarming fan 2023 de fraksje lieden hat.

Dinie en Sita binne beide by de foarige ferkiezings nij yn de Steaten keazen. Dinie Visser (50) komt fan Snits en liedt dêr in bank- en fersekeringskantoar. Sita Land-Dotinga (35) fan Surhuzum hat har eigen bedriuw op it mêd fan personielstsjinsten en hat in jong gesin. Yn de ôfrûne jierren hawwe se harren goed ynwurke en se binne der klear foar om it stokje oer te nimmen.

Sita: ‘Wy kieze bewust foar it duo-fraksjefoarsitterskip. Ik leau ek yn de krêft fan gearwurkjen. Mei-inoar bringe wy ferskate kwaliteiten mei en ferskillende perspektiven. Wy kinne de taken ferdiele, elkoar útdaagje, oanfolje en skerp hâlde. Tagelyk jout it duoskip foar ús beiden ek romte om in sûne balâns te hâlden tusken ús betelle wurk, de polityk en it thúsfront.’

Dinie: ‘It is in moaie kâns om dit tegearre mei Sita te dwaan. Us karakters passe goed by-inoar en we kinne goed en fluch skeakelje. De tiid en enerzjy dy’t wy tegearre der ynsette kinne komt de fraksje en de partij te goede.’

Nei twa-en-in-heal jier docht Gerben van der Mei as fraksjefoarsitter in stapke tebek. Gerben: ‘Sjoen myn leeftiid, 68 jier, hawwe wy mei-inoar besletten it sa te dwaan. Yn de oanrin nei de ferkiezings fan oer in jier sil yn de Steaten in nije dynamyk ûntstien, en dan is it no in moai momint foar de wiksel. Ik bin der wis fan dat ús fraksje mei it nije liederskip moaie dingen foar Fryslân út ‘e wei sette kin.’

https://www.fnp.frl/blog/nijs/fnp-steatefraksje-kiest-foar-duo-fraksjefoarsitterskip/